Eeach om each (Jus talionis)

Werom nei Ferhalen
Werom nei it Frysk
Home


Eeach om each (Jus talionis)

Nei’t ik trije keer lang op ‘e belle drukt hie seach ik yn it skimerljocht fan de strjitlantearne, boppe úteinlik een rút iepengean.
“Wat moast do hjir” rôp Suzanne my snausk ta, “‘k Wol dy nea wêr sjen. Dat wist dochs!”
“Eamelje net famke, wy hiene dochs ôfpraten” rôp ik wêrom. “Doch no mar iepen.”
Op datselde stuit en mei in reauntsjend “Kom der mar yn leave” swaaide de swiere foardoar fan it steatlike grêftehûs foar my iepen.
“Kom, jou my dyn jas. Gean sitten. Wolst wat drinke?” Sûnder myn antwurd ôf te wachtsjen geat har mem my myn leavelingsdrankje yn, sette it foar my op ‘e salontafel del en naam sels ek in glês. In tredde glês sette sy noch leechlittend ek op ‘e tafel.

As in wjerljocht kaam Suzanne de treppen del fleanend de keamer yn, en mei in “Ik gean nei Karin, doei” nei de gong ta der ek wer út. Mei in hurde klap fan ‘e doar liet sy har mem en my tegearre ferbjustere efter.
“Wat hat sy no?” frege ik yn al myn ûnskuld.
“Sy wol der net oer prate, mar sûnt in stikmannich wiken is sy samar hiel oars as oars. Ik wit net wat it is. Sil ’k dy nochris byskinke?”

Op ‘e nei waarden de glêzen fol getten en stuts mem ek noch in pear kerskes oan,
“Fielst dy beroerd, jonge” sei sy, en kaam njonken my op ‘e bank te sitten. Sy lange my myn glês oer en lei derby har hân op myn knibbel. Hoe leger de glêzen rekken nammerste fierder skode har hân hoeden nei boppe ta.
“Sil ík dy fan ‘e jûn ris in bytsje ferwenne?” frege sy, wylst har hân hiel raffinearre myn riem súver al losmakke.

Sy kaam oerein, krige de beide glêzen en de noch healfolle flesse en rûn utdaagjend foar my út de treppen op. Hast as fansels rûn ik har slaafsk efternei. Nei’t sy ús glêzen op ‘e nij fol dien hie fiske sy in lytse swipe út in laadsje fan har nachtkastke en begûn leaf oan my om te fimeljen. Yn ‘e rûs fan in miks fan in snúfke en de drank liet ik har willich har gong gean. De koarte mar stevige tikken op myn billen diene winlik bêst wol sear, mar ik fûn it eins ek wat noflik.

“Kom, gean lekker lizzen leave” sei sy. Mei in plof liet ik my foaroer op it bêd falle. Sy bliuw my noch in skoftke wat aaikjen mar de tikjes fan har swipe wurden hoe langer hoe hurder. Ik fernaam net iens dât sy yn it laatsje fan it nachtkastke nei noch mear ark socht. Sy begûn no dochs wol hiel hurd te slaan, fûn ik. It die wier hartstikke sear!

Yn in omsjoch draaide ik my om, om har… Mar ynienen seach ik yn de fjoerspuiende eagen fan in memmebist dat har jong beskerme. Yn har rjochterhân hie sy in blinkerjend mânsk slachtersmês.
“Hjir, pak oan” rôp sy. Ik fielde in ferskrikkelike pine yn myn rjochter boarst.
“Hjir, noch ien, noch ien en nóch ien…”

Ik raasde it út mar sûnder lûd. Ik rûkte myn eigen switterige bloed dat him ûnderwyls mei har trienen minge. As in wylde bolle bliuw sy mar op my ynstekken mei dat grutte mes. It bêd kleurde read en it wurde my stadichoan swart foar de eagen. Yn it lêste ljocht seach ik Suzanne noch krekt de sliepkeamer ynkommen.
“Kom der mar yn, famke hear. Ek dizze nûmer trije fan dat rapalje sil it nea wer dwaan…”


© Piet/er Bult