In ûnmooglike leafde

Werom nei Gedichten
Werom nei Frysk
Home


In ûnmooglike leafde

Ik hâld wol fan dy
en lit dy net gean
en ik leauw ek wol
do hâlds ek fan my

mar dy door sûnder kaai
en dy muorre sa heech
it falt wier net ta
om sa fierder te gean

do begrypst my net
en ik dy faaks net
mar ik wit in bêst plak
tusken frjemd en dochs eigen

ik sis dy: alle dagen
sil ik oan dy tinke
en sneis kom ik efkes del
foar in oere sa't it wie

ik hâld wol fan dy
en lit dy net gean
mar dy door sûnder kaai
ik krij him net iepen...


© Piet/er Bult

(frij nei: Somewhere between)
(ek wol: it folkslied fan autisme.)