Frysk wurk

Home

Frl.jpeg

- Ferhalen
- Gedichten
- Limmerikken


Piet/er Bult (1946 - ), doedestiids wenjend yn Neiberkeap (Nl/Frl), hat him fan likernōch it jier 2000 oant -sis mar- it lźst fan 2012, merakels ynsetten foar de Stellingwarfske taal. It Stellingwarfsk is in dialekt fan it Nedersaksisch dat yn lykwols hiel East-Nederlān noch dageliks brūkt wurd. Hy bliek, krekt as earder syn āldere broer Oene (30-08-1928 - 16-12-2002), liekwols gjin ‘meirinner’ die 't oan 'e hān fan it ‘Stellingwarfske Taalynstituut’ mei dwaan woe, mar bliek himsels ek hiel aardich rźde te kinnen. Tegearre mei Frank de Vries, doe van Blesdieke, hat Piet/er ūnder de flagge fan de foar dat doel troch harren oprjuchte Stifting Stellingwarfs Eigen, op in revolusjonźre wize en yn in hiele koarte tiid de komplete ‘Biebel in et Stellingwarfs’ oersetten. Dźrnjonken hat hy in grut ferskaad fan oare ālde wurken oersetten, ū.o. Die Winterreise fan Wilhelm Müller, de Marialeginde Beatrijs en Allinnich op 'e wrāld fan Hector Malot. Troch syn wrāldwide kennissenkring wie Piet/er hjir en dźr in graach sjoene en hearde gast(sprekker).

Fan syn gedichten, koarte ferhalen en in ferskaat oan oar wurk, hat der ū.o. yn 2006 wurk fan him ston oan de 75-jierriche Ofslśtdyk, binne der ferhalen publiseerd yn ferskillende sammelbondels, is hy in pear kear nominearre west foar de Sulveren Twicht en koe men syn wurk tsjinkomme yn in ferskaat oan kranten en tiidskriften. Tegearre mei Henk de Vries fan Noardwālde hat Piet/er jierrenlang radioprogramma's yn en oer it Stellingwarfsk makke, foaral foar Radio West-Stellingwerf Centraal, yn Noardwālde. Eintsjebeslśt kamen jo Piet/er syn skriuwerij geregeld tsjin yn de ynstjūrde stikken en gastrebrieken fan foaral de Ljouwerter Krante, mar wurke hy ek wol mei oan it lānelike Locomotie, it ūnōfhinkelike blźd fan it wittenskippelike buro fan de OSF (Onafhankelijke Staten Fractie). Foar it lānnelik būnsblźd fan de NJBB (Nederlānske Jeu-de-Boules Būn) hat Piet/er in tal jierren redaksje meiwurker west. In droktemakker foar 't wa (krekt as syn broer Oene) de Stellingwarven eins wat te lyts en te beheind oanfielden.

Sūnd in twadde skieding (dec 2013) en in pear kear in swiere hertoanfal yn 2014 en 2015 wennet Piet/er hjoed de dei foar fźst yn it departemint de Vienne (86), regio Nouvelle Aquitaine yn Sśdwest-Frankriek.