Ferheard

Werom nei Gedichten
Werom nei Frysk
Home


Ferheard

Ferheard oer it lân
gjin oarloch as geweld
mar stille earmoed

ferheard oer de mins
net om brea as griente
mar stille toarst

ferheard de minsken yn dit lân
fan stille toarst nei wurden
de earmoed fan harren eigen wêzen

ik sjoch der ferheard fan op
hoe't minsken yn dit lân
it mearst eigene ferleagenje

rjochtsje de rêch, doch alle war
net healwyn mar folút sile
hanzi as 2018 jout in nije kâns
... in lêste?


© Piet/er Bult