Kryst

Werom nei Gedichten
Werom nei Frysk
Home


Kryst...

Lit ús tinke oan doedestiden
doe 't frouljusfamkes hiel fereale
as Maria's op ezels riden

Lit ús roppe fan de betinklikhied
dat elkenien út keningsnamme
him telle litte moast

Lit ús sjonge fan alearen
doe't berntsjes yn waarme ruften
yn in fuorbak leinen
 
Lit ús prate fan al dy dingen
dy 't sûnt dy tiid net feroare
mar earder slimmer wurden binne

Lit ús stilstean
lit ús swije
kyrieleis


© Piet/er Bult

Myn zintugen steane even stil rûnom de Krysttiid…
Foarste koeplet: de tiid pleatst; lang lyn mar wol in ûnbedoarne tiid
Twadde: de oanlieding fan it 'wêrom', de betinksten, nei wêr't ik letter hinne wol
Tredde: in 'benadrukken' (wjerhelling) fan de oanlieding, mar ek: hoe slim it doe wie
Fjirde: de fraachstelling mei in sprong nei disse tiid
As lêste: de konklúsje; myn konklúsje alteast, mei in ôfsluting fan in krystkreet…