Opstannich

Werom nei Gedichten
Werom nei Frysk
Home


Opstannich

Ik hjêr de tsjerken
sy binne it net iens
Ik hjêr de politiek
ek dy binne et nea iens

Navo op it wrâldteniel
Ryk, Pervinsje en Gemiente
Doarpsbelang, ús sangklup
fan itselde lekken

Omkes, tantes, heit en mem
bruorkes, zuskes, buorman
de vrouw, de bern en oaren
belangen yn in oar pakket

ego's, lange teannen
in planke foar de kop
in plattrape pik

Who me? Jo bedoele: ikke...

No, earlik sein, ja
ik haw it mei mysels wol troffen.


© Piet/er Bult