Skimerjūn
Werom nei Gedichten
Werom nei Frysk
Home
Skimerjūn oan ‘t Nannewiid
lān wetter jūnsloft
mūnewjukken en tsjerketuorren as
passe-partout om de lźste sinne snien
it wūnder fan alle libben giet nei ‘t skaad
oan d’oare kānte fan de nacht
yn de lichte dize mānlju
drok dwaande yn in boatsje
mar ik sjoch Him net
it sil grif gjin fiskers wźze
stekmiggen gean op bloed- en
sweltsjes op stekmiggejacht
in lyts boer lit syn trekker wetterspuie
oer it ūnfolwoeksen rōgefjild
it rūkt nei swiete molke en kleurde blommen
de moanne komt healwoeksen njonken my
op it bankje te sitten
© Piet/er Bult